Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Ik naam dy op myn knibbel Ik naam dy op myn knibbel En loek dy tsjin my oan, En yn dyn eagen lies ik In blide libbensmoarn. Ik hab yn 't tsjuster doarme, En yn 't tsjuster doarmest do; Mar al dy wolken brieken Troch 't sinneljocht fan ús trou. Earst waarden wy ferbline Troch de strielen fan dat ljocht, Wy koene gjin wurden fine Foar de silligens fan ús nocht. Wy seagen earst njonkelytsen, Wat in wille uzes waard; No geane w' as blide berntsjes Tegearre it libbenspaad. Dêrsto, myn bêste, biste, Dêr is myn sillichheid. En dêr ik bin, dêr fielste Dy lokkich as myn breid. [pagina 255] [p. 255] Dêr wy tegearre binne, Komme ús nin soargen benei; Dêr laitsje w' yn ús triennen, Dêr skynt in iivge dei. En ha wy striden tegearre Foar ús hearlik ideaal, Dan lústerje w' elkoar fan ús wille Yn 'e goudne lippetaal... Sa hâld ik dy op myn knibbel En lûk dy tsjin my oan - Nin Keninginne laket Sa blier op har Keningstroan. Vorige Volgende