Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Wat de letters jin sizze Ik sit allinne te skriuwen Oan in famke yn 't Fryske lân, En tûzen freonlike wurden Dy geane my troch de hân. It wie in grutte keunstner, Dy de pinne en d' inket útfûn: O fanke, lit ús him tankje Ut ús hertne djipste grûn! Wat w' oars yn d' eagen lêze Stiet no op it wite pompier; Al sjocht it jin oan yn 'e rouklean, Dochs stiet it wol kreas en blier. Want as it each fan 'e lêzer Dy kâlde blêden besjocht, Dan glydt der oer al dy letters In waarm en fleurich ljocht. [pagina 254] [p. 254] Dan sjogge jin blinkende eagen Ut dy swarte letters oan, En kypje sa glûpsk en sa mûzich As d' eagen fan Venus' soan. Dan wurdt eltse stomme letter In mûle, dy lústert fan trou - En it rûst jin ta út dy blêden: Hoe lokkich, hoe lokkich bisto! Vorige Volgende