Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De kriichssang fan it ideaal Ik wol net mear fan bliere blommen ljuentsje, Fan himelblau of mylde stjerrepracht, Fan swiet gefrij yn stille simmernacht, Fan ljurken, dy de moarns har tankliet njuentsje - Ik sjong net mear fan leafde en frede in sang: 'k Set oare snaren op fan djipper klang. Net, dat de leafde wykte út dizze siele; Hja het it fûn, wat hja fol langstme socht; My het it lot as heechste jefte brocht De faam, dy't lang al yn myn dreamen striele; Mar doe't de frede 't herte binnenglied, Rôp 't kriichslûd wer: ‘De man past mannedied! Dyn heechste wet sij net, dyn hûs te warjen, Om 't brea te skrippen, bodzjend jimmeroan; Fiel, bern fan d' ierde, dy ek himelsoan; Hab oars te dwaan, as goud by goud te garjen. Der binn' wol oare skatten op 'e wrâld, Bring dy oan 't ljocht - bliuw foar de modder kâld. Slach d' eagen op! - de poarte is dy ûntsletten!’ En 't minskelibben die syn flues foarwei - Ik stoarre 't oan - 't wie midden op 'e dei; Mei gjalpen ljocht wie 't bûnt gekriel begetten - ‘Mar hoe? Moat ik dy millioenen bern Fan 't selde hûs yn sok in steat hjir sjen? Doch 't flues wer foar!’ - ‘Do silst him dochs oanskôgje, Dy wûndre wrâld, sa moai en sa ferdoarn; Do hearst him ta, do bist syn eine soan; [pagina 253] [p. 253] aant. Hoe koest him dy sa moai, sa himelsk drôgje? Do woest tebek? Sei, wie dat mannetaal? Yn 't stiel, do ridder fan it Ideaal! Watst yn dyn hillichste oeren tochtst en fielste, Wat út 'e himel dy yn d' eagen blonk, Wat dy as wierheid lûd yn d' earen klonk, De God, dêrst fol oanbiddinge foar knielste, Nim 't dêrfoar op! Wat dy dyn herte seit, Folbring dat trou, no en yn ivichheid!’ - Doe swijde 't lûd. - Dêr stie 'k; jit gloeide en trille De rêch, dy pas de ridderslach ûntfong - Jit gloeit myn siele nei! - En wat ik sjong, Dat binn' nin sangen mear fol simmerwille - It het in stielen klang; 't is hurde taal - It is de kriichssang fan it Ideaal! Vorige Volgende