| |
Kening Friso
Der wennet oan it wylde noarderstrân
In Kening, âld, oerâld, mei hier, sa wyt,
As d' iivge snie, dy't op 'e bergen leit;
Mar út syn eagen slacht de lôge jit
Fan 't libben, en syn stoere nekke draacht
In swiere holle mei skerp teekne troanje,
Mei tearen djip, dêr krêft en kriich yn wenje.
Dy âlde kening - Friso is syn namme -
Is net yn poarper klaaid; nin gouden stêf
Is yn syn hân as blyk fan hearskippije;
| |
| |
Nin keningskroan, mei gleone stiennen ynset,
Stiet op syn holle; nearne stiet syn troan.
Nin wide sealen, dy troch pronk en praal
Jin d' eagen blyn slaan en dêr bûnte hôflju
Mei fine moadeglimkes nige en bûge,
Binne yn syn hûs; nin hege tuorren wize
Jin 't plak oan, dêr de grutte kening wennet.
Ek siket m' om 'e nocht nei sterke legers
En keken ridders, lienend fan syn glâns
En dy weromjaand mei seisdûble rinte;
Ja, freget ien, wêr hy 't bewâld oer hat,
Nin minske jout him op dy fraach beskie -
It is in kening sûnder steat en lân.
De tûke rekk'ners, dy't nin foet fersette,
As 't net de longerige ponge baat;
't Earsuchtich foltsen, dat in kening flaait
En dêr foar krûpt, om 't earme folk fertraapje
Te kinnen - litte Friso yn syn wêzen:
Dy't net mei goud of ear betelje kin,
Is dea foar har. Mar wa, út d' âlde stamme
Fan Friso spruten, jit in herte hat,
Dat fêstsit oan d' ynleave heitegrûn;
Wa heger wille wit as 't goud jin jout
En ealer doelwyt as jins eigen eare -
Dy kin syn âlde kening net ferjitte,
Mar stelt him fleurich ûnder syn bewâld
En wijt golhertich him syn siele en sin.
Wol sûnder lân, mar lang net sûnder folk
Is d' âlde kening; tûznen frije Friezen
Bekenne har jit ta syn kleur en flagge,
Fan Flevo's mar ta 't see-ompolske Sylt,
Ja, fier ferspraat troch alle lannen hinne.
En mannich heit ropt yn syn soanne herte
De leafde foar âld-Friso's deugden wekker,
Troch rûn en frij syn libbenspaad te gean.
En mannich mem hâldt oan 'e smoute hurd
De sin foar heitlâns grûn en taal oan 't barnen,
As hja de âlde siskes fan ús folk fertelt.
| |
| |
Ek wurdt yn mannich hûs de rom ophelle
Fan Friso's team yn bliere golle sangen;
Nee, Fryslâns folk ferjit syn kening net.
Hoe soest, o folk, him ek ferjitte kinne?
Ferjitst dyn heit, ferjitst dyn leave mem?
Ferjitst it plak, dêrst' d' earste wille smakkest
En dêrst dyn earste triennen skrieme moast?
Ferjitst it tsjerkhôf, dêr dyn deaden rêste?
O wit, dy âlde, ieuwen âlde grûn
Is 't tsjerkhôf, dêr dyn hiele laach yn rêst!
Nee, nea ferjitte! Heech syn rom ophâlde
Tsjin elk-en-ien, dy't dryst syn keningsear
Te nei komt. Frjemden fan syn eare oertsjûgje
Troch dieden, dêr syn stoere sin út sprekt.
Thors hammer opnomd tsjin syn eigen skaai,
As 't lef syn âlde leafde húnje doar!
Sa sil ús kening sûnder lân en kroane
In heger ljocht as d' ierdske skyn bestrielje!
Kom, Fryske fammen, dan! de moaiste blommen
Yn 't hier befrisle! tsjoch de sneinspronk oan;
En, Fryske feinten, túch de hynzers op,
Ryd mei inoar d' âld kening yn 'e mjitte!
Poen, Fryske sjongers, dêr de snaren by.
Jimme âlden, ek! tsjoch op no allegear,
Om kening Friso hou en trou te swarren.
Lit, wylst de weagen blier tsjin d' iggen brûze,
Jim blide sangen ta de wolken rûze;
Stean yn in kring, o Friezen, hân yn hân:
Us heechste wyt sij d' ear fan 't heitelân!
Yn 'e tiid fan it foarjier fan ljocht en fan sinne,
Sei Geale: ‘'k ferpof it sa lykme allinne’;
Doe seach er syn Klaske en dêr teach er hinne;
| |
| |
En Klaske, dy liet har fan Geale wol winne.
No sizz' hja: ‘Wy geane noait by 'noar fandinne.’
Wat soe har fan trouwen dan ôfhâlde kinne?
Lit s' einje mei lok, dy't mei leafde begjinne:
Dat winskje ik dy beiden mei hert en mei pinne.
|
|