Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Wolkom yn Gaasterlan! De wâlden pronkje yn brulloftsklean; De griene, jonge tûken waaie Jo 't wolkom ta; 't is yn 'e maaie, 't Is fleurich ljocht, wêr dat jo gean. En 't golle, moaie Gaasterlân Set al syn griene sealen iepen; It libben, ba fan 't lange sliepen, Brûst op yn 't wâld, rûst lâns it strân. Wat nocht foar him, dy fielt en tinkt, Waans tinzen nei de himel stoarmje, En yn dy ljochte fjilden doarmje, Dêr't Wierheids sinne yn goudglâns blinkt. Waans stof him bern fan d' ierde fielt Waans geast net wit fan slavernije, En sjocht, hoe 'n iivige Harmonije De hiele wrâld trochkringt, besielt. [pagina 249] [p. 249] aant. Mar tûznen earme minskeherten - Ek blommen, meast jit yn 'e knop - Sjen mei jo nei de himel op, Binne ek mei 't waarme ljocht oergetten; Mar, mei it bliere himelblau Har glimkjend nei omhegens winke, De dommens, dêr hja yn fersinke, Befluest har each mei swarte rou. O, 't wie sa goed, werom te kommen By 't earme folts fan Gaasterlân, Wêr bygeloof en ûnferstân Sa'n ûnkrûd siedzje mank de blommen; Licht, dat troch jo in mylder sinne Yn mannich hert it libben bringt, Dat mannich moaie blom ûntspringt, Wêr no jit keale steden binne. Sjoch dan yn 't grien, sa tear en fyn, Hear yn 'e sang fan fûgelkieltsjes - Dy oargels fan har súvre sieltsjes - In winsk, in bea om sinneskyn; Want ienkear moat it ljocht it winne En driuwt it kâlde tsjuster wei - O kom dochs, kom, do blide dei, Dat alle minsken minsken binne! Vorige Volgende