Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 247] [p. 247] aant. Ofskiedssang fan 'e sweltsjes Oan 'e Boarnster tsjerke Wy dy, ‘sa neaken as in sweal’, De wide wrâld troch fleane, By 't foarjier nei it noarderlân, By 't hjerst nei 't suden geane, Wy, dy't ús nêst op plakken ha, Dêr leafde en frede binne, Wy gean, o tsjerke op d' Alde Boarn, Wy gean fan dy fandinne! By 't gol ienstimmich psalmgesjong Ut fromme kristenkielen, By 't sêfte wurd, dat balsem geat Op 't leed fan earme sielen, Wylst troch de hege finsters foel De mylde laits der sinne, Ha wy ús smoute nêsten boud - Wy gean fan hjir fandinne. De flaggen mei de kleur fan bloed Liet m' op dyn tek omwaaie; Sa liet men 't sein ta bruorremoard Oer dizze fjilden swaaie. Wêr sa de divels fan 'e haat Oan 't tsjerkeskeinen binne, Dêr is de sweal syn wente net - Dêr gean wy skou fandinne. En by de golle oargeltoan Dy troch de bôgen rûsde, Song heas en rou geloofshaat 't liet Dat yn syn binnenst brûsde; De Heechmoed bea: ‘Ferdylgje, o Hear, Dy't ús net folgje kinne!’ Do earme tsjerke, farrewol, Wy geane hjir fandinne. [pagina 248] [p. 248] aant. 't Wurd, dat de grutske ‘harder’ spriek, Ek binnen dizze muorren, Fleach as in wyld fernielend fjoer Troch d' Aldeboarnster buorren; Wêr sa de leafde trape wurdt Fan dy har prysters binne En Jezus' namme in kriichsspreuk is, Dêr geane wy fandinne. Kom, flugge fûgels allegear, Lit troch de loft ús strûze, Wêr sinneljocht op ierde falt En waarme twjirkes rûze; Wy fleane, as frije bern fan 't swurk, Nei mylder oarden hinne - Us wrâld is wiid - wy binne bliid, Dat wy gjin minsken binne! Vorige Volgende