Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Net mear hurdride? Wat jout ús Wergea no en Drylts? Wy mei' net hurd mear ride: De redens út Amearika, Dêr moatt' wy no op glide. Skonkje oer, skonkje oer, mei swink en swaai, Mei bjusterbaarlik frjemd gedraai Nei d' ien en d' oare side. De Friezen kinn' der net mear oer, Om har yn 't swit te jeien; In hoartsje wille, rom en ear, Mar letter oan it kleien; Dan bringt it jild, mei prizen wûn, De hurde rider yn 'e grûn, Sa't learde ljuwe ús seien. [pagina 246] [p. 246] Wy, skaai fan 't âlde stoere laach, Binn' wy dan sa ferbastre? Ha wy ús sels mei doktersdrank En pillen sa fermastre? Sis, stoere riders, fier en hein, Binn' no de skonken al te 'n ein, Of het men jim belastre? En mei ek gjin hurddraverij It Fryske folk mear barre? Mei 't glêde hynzer op 'e baan Him foar ús nocht net warre? Wat bliuwt der sa fan Fryslân oer? It swiet giet wei, wy hâlde 't soer, Wy litte ús folksaard farre. Dan ek it keatsen mar oan kant! Gjin ien mear yn 'e krite; Want o, dat komt der sa op oan! Dêr moat men by ferslite. En 'k fyn 't ek net fetsoenlik stean, Dy manljuwe yn har ûnderklean! Dus: net mear ballen smite. 't Hurdsilen kin ek net mear ha; Dy earme skippersljuwe, Dy wurde ommers faak trochwiet! Wêr moat har sûnens bliuwe? Dy wurde dêr foar 't grut publyk Ferkâlden en fol rimmetyk! Dus: net mear skipke driuwe. Litt' wy no al dy dingen nei, Dy och sa skealik binne, En wolle wy - yn Jägerswol! - Us kowepaadsjes rinne, Dan wurde wy wol hûndert jier! - Mar d' âlde frije wille en tier Gyng fier fan ús fandinne. Vorige Volgende