Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende It nije Kollumer oproer Wa het fan Pake of Beppe net Fan 't âlde Koll'mer oproer heard? Wa waard dat net ferhelle? En wa kin ek yn dizze tiid Fan strjitskandaal en tsjerkestriid Fan 't nije net fertelle? Yn d' âlde tiid, as 't Roomske swurd Wer nije lannen hie teskuord, Dy't jitte yn 't bloed omdreauwen, [pagina 244] [p. 244] Dan bouden s' op dy weake grûn In sterk kastiel, om fier yn 't rûn De fijân baas te bliuwen. No stiet te Kollum sa'n kastiel, Om oer de frije Fryske siel In eachje yn 't seil te hâlden; It is fan 't grutte Rome net, Mar fan in oare útman set As twangstôk oer de Wâlden. De grutte paus fan Amsterdam, De liepe kûper Abraham, Liet dat kastiel hjir bouwe; Mar inkle jierren hie 't dêr stien, As 't hie al skoan fertuten dien En brocht al leed en rouwe. Mei pyl en bôge of krûd en lead Bringt dit kastiel ús net de dead Of - slimmer! - slavernije; Nee, bibelteksten binne 't swurd, Dêr Fryslân mei besprongen wurdt; De siele sil 't belije. Dêr iendracht wenne en 't leafdeljocht De Kristnen sneins tegearre brocht Om freedsum del te sitten, Om yn Gods hûs de wrâldske skyn, Dy deis jin makket d' eagen blyn, Foar hegers te ferjitten - Dêr sil no, troch dit grut kastiel, In letterrûzje siel fan siel En hert fan herten skiede; Dêr moast no, foar de twadde kear, De Kristus - 't hjit, himsels ta ear! - Foar minskesonden bliede. [pagina 245] [p. 245] aant. Hoe, grutske ‘harders’, earme ‘skiep’, Kaam sa 't gewisse yn 'e sliep? Wêrearne moat it hinne, As 't hiele folts yn oproer komt, En d' iene d' oare wreed ferdomt, Omt doomnys deilis binne? Is dit ‘'t begjin fan d' ein’?.. Gods hûs, De tsjerke, in plak fan kriichsgerûs!.... Hjit dit no timpelbouwen? Nee, binn' jim langer blyn en dôf, De hiele tsjerke brekk' jim ôf... Is 't net om te besauwen? - - Hoe lang, hoe lang jit hâldt it oan - Betink it, lytse minskesoan, Lit jimme haat ferdwine! - Dat hiel de wrâld ien timpel is?... O ljocht, brek troch de tsjusternis; Wol ek har hert beskine! Vorige Volgende