Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 243]
| |
Hâld dy kûs, myn bêste jonge:
'k Bin alhiel net lulk op dy!
Och, net lulk - wat jout dat, aste
Net in bytsje hâldst fan my.
Hâld dy kûs, myn bêste jonge:
'k Hâld in bytsje wol fan dy.
Och, wat jout dat: mar in bytsje,
Ast' net folle hâldst fan my.
Hâld dy kûs, myn bêste jonge:
'k Hâld in hiele bult fan dy.
Och, wat jout my dat: in bulte,
As 'k gjin tútsje fan dy krij.
Hâld dy kûs, myn bêste jonge;
Want in tútsje jou ik dy.
Och, dat jout ek wat: ien tútsje!
As 'k gjin tûzen tútsjes krij.
No - datst' dan dyn mûle hâldste:
Tûzen, tûzen jou ik dy!
|
|