Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De bline en syn bern Sis, is it nacht? Of blinkt de wrâld yn moarntiidspracht? Of sinkt de sinne slûgjend del? O bern, fertel! O, praat in skoft Fan maitiidsgrien en foarjiersloft! Fan 't fûgelfolk yn 't jonge hout, Fan sinnegoud! Kom tichter by En mei dyn hantsjes aaikje my, Dat ik dyn waarme siken fiel, Myn sinnestriel! Sa biste myn! Myn jonkheidslok en sinneskyn! En yn myn deade eagen fljocht In see fan ljocht. Vorige Volgende