Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 240] [p. 240] aant. Hjerst-fantasije It beammegrien fan kleur ferskeat; En út it herte fan Natoere Briek sucht op sucht, as eltse djoere Dream fan 'e simmer sonk yn 't neat. Hja skriemde en loek de roazen ôf, Dy't yn har hier befrisle wiene; Har eagen, dy sa fleurich stiene, Fertsjustre in flues fan triennen no. Wol koe hj' op mannich moaie dei Mei trienjend antlit jitte laitsje, Mei sinneljocht omstriele reitsje, En glimkje in hoart de rouwe wei; - Dan stiek hja op it folle boarst De lêste heal ferwile blommen - Mar as de jûn begûn te kommen, Teraande hj' yn 'e triennen hast. Yn neare nachten âle en gierde Hja 't om 'e leave brêg'man út; ‘Moatsto, de wrede dea ta bút, O sinne, al fierder fan my skiede?’ - Hja teistre troch de wâlden hinne En taaste yn 't ile tsjuster rûn: ‘Is dan nin grêf yn dizze grûn, Dêr wy tegearre yn rêste kinne?’ En op in dei: wol seach hja 'm stean; Mar op syn djip meilijich wêzen Wie 't ynlik droeve wurd te lêzen: ‘Ik moat al fierder hinnegean; My fiert, lâns 't ivich-fêste paad, In stoere hân fan dy fandinne; Farwol, do leave faam; wy binne - Mar net foar ivich - fan 'noar skaat. [pagina 241] [p. 241] aant. Sa wier as boppe swarte wolken In ivich blauwe himel driuwt; Sa wier myn ljocht itselde bliuwt, Al skynt it ek oer oare folken - Sawier ek is 't dat, wêr twa herten Har boask yn wiere leafde sletten, Nin hân, hoe sterk, de reap ûntwynt, Dy 't iene oan 't oare herte bynt. O, skriem dan net; wêr dat ik bin, Om dy, myn breid, sil 'k jimmer tinke, En fleurich sil myn troanje blinke, Om't ik dy en ús leafde ken. 'k Sil 't suderlân mei blommen siere En 'k sjoch yn eltse blomme dy, En letter, letter sille wy Te maaie ús blide brulloft fiere.’ De faam har holle sinke liet: ‘Ja, 'k leau oan dy en oan ús minne; Wat soe ús lok ferniele kinne? Mar dochs - ik swij yn djip fertriet.’ - Doe teach hja 't keine sniekleed oan En siet dêr kâld en as beferzen - Mar 't wie yn 't stoarjend each te lêzen: Hja wachte op d' earste foarjiersmoarn. Vorige Volgende