Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende In lyts kertierke O, wie 'k sa'n lyts kertierke Mei dy allinne yn 't skaad! Der wurdt yn sa'n kertierke Faak och sa folle ferpraat. In lyts kertierke sinne Struit tûzen blommen oer 't lân; Ik hab yn sa'n kertierke Wol tûzen tútsjes hân. Seis dagen wiene der nedich Ta 't skeppen fan lân en see; Ik makke yn sa'n lyts kertierke Myn hiele himel ree! Vorige Volgende