Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende It memmehert It barde, dat in wrede faam In feint syn herte finzen naam. Hja sei: ‘Toe, helje yn dizze stûn Dyn memme herte foar myn hûn.’ Hy gyng - en die syn mem de dead - En fluchte mei har herte read. Hy rûn, mar strofle oer in stien, En foel - dat earme hert mei ien. Mar wylst it delfoel op 'e wei, It earme hert de wurden sei - Sei mei in lûd, sa weak en tear: ‘Sis, leave jonge, diest dy sear?’ Vorige Volgende