| |
De hoanne fan 'e Heegmer toer
In teltsje út 'e lêste helt fan 'e 19e ieu
De foarjiersmoanne kaam yn 't lân;
Gjin blommen hied er yn 'e hân,
Fol langstme nei de simmerdei
Krong 't knopke skrousk yn 't herntsje wei,
As s' oer him hinne strûsden.
De hoanne fan 'e Heegmer toer
Seach grutsk en gleon de buorren oer;
‘Bliuw jim dêr yn 'e lichte,’
Sa sei er, ‘ik en domeny,
Ik hjir, en op 'e preekstoel hy,
| |
| |
Ik bin in hoanne, griffermeard;
Nêst trêddel ieu bin ik bekeard
- Doe hien' wy de Synoade -
Doe pronke ik al, mar glêd en nij,
Op dizze toer.... Dat is foarby!
No tsjinnet men de moade.
Ik bin in hoanne, kras en âld,
Dy net fan al dat nije hâldt,
'k Draai net mei alle winen;
'k Stjoer jûns de sinne nei it west
En rop har moarns wer út it nêst,
Om oer de wrâld te skinen.
Ik en ús doomny, froed en from,
Wy litte ús net troch eare en rom
En wrâldske wille flaaie;
Wy kinne goed mei elk-en-ien
En binne al tige skoan foldien,
Ik en ús doomny binne in pear,
Goed thús yn d' âlde, wiere lear;
De grutte hoanne út Amsterdam,
Kraait ús de wet tefoaren.
De tsjerke Gods giet net foarút;
Dêrom kaam ik ek ta 't beslút:
De tsjinst har op te sizzen;
Mar 'k nim, gean 'k ienkear by har wei,
Fansels de toer en tsjerke mei....
'k Hoech dat net út te lizzen.
Te Ljouwert wie sa'n hoannepyk,
Dy kraaide wol sa heas en bryk
“Dat sil dy rouwe!” kraaiden wy;
| |
| |
“Ei, bûch de holle en skamje dy!”
Dien wie it mei syn bearen.
Ja, hie men net sa'n foarse stim,
Hoe soe men 't yn Jeruzalim
Tsjin Sions haters hâlde?
As Petrus' hoanne kraaie wy:
“Bliuw dochs, o folk, by 't âlde!
Gjin algemiene stimmerij;
Dan kin de hinnemelkerij,
Lis jim mar aikes foar de boer,
En lit oan ús it kraaien oer,
Kraaide elke hoanne ús mar nei,
Dan gyngen haat en ûnrêst wei;
't Soe 'n iivge frede wêze.
Dan kaam grif 't âlde hoanneboek
Ek wer út d' iene of oare hoek;
Dêr soen' de bern út lêze.
Dan sâlten wy de bern wer yn
Mei 't âlde sâlt, sa skerp en fyn,
Dan setten wy in hege krop
En sieten oaren op 'e kop:
Dea soe 't liberalismus!’
Sa bearde 'r, mar in sudewyn,
Sa myld en swiet as balsemyn,
Kaam oer de Fryske strânen;
It droech in skat fan libben mei,
De knopkes, út 'e wynsels wei,
| |
| |
‘O, mylde frijdom!’ ljuenten hja,
‘Wy woen’ sa graach ús part ek ha
Fan 't libben op dizze ierde;
Mar kâlde froast gyng 't lân yn 't rûn,
Syn foet fertrape ús yn 'e grûn,
De deadske Noarman gierde.
Wês wolkom, foarjier, blier en blij;
Do makkest al wat libbet frij,
Litst alles groeie en bloeie.
Do bringst wer hope en libbensmoed -
Ta tank sil moarn de dei dyn foet
Yn grien en blommen djoeie!’
Us hoanne tocht: ‘Wat Frânske wyn
Rûst dêr de Heegmer buorren yn?
Dat kin ik lang net daaie;
Wy ha sa lang al winter hân
En no de simmer daalk yn 't lân?...
Dêr wol ik net nei draaie...’
Mar yn 'e Heegmer pastorij
Wie elkenien allike blij -
‘De bolle wyntsjes rûze,’
Rôp doomny, ‘O, dat falt der yn!
Tel bloeit no persik en kalwyn;
't Sil ta de grûn út brûze!
Mar wat? de hoanne op 'e toer
Stiet jit de kant nei 't noarden oer?
Dêr moat de smid mar dalik by:
En baas moast efkes komme.”’
Baas kaam en 't einbeslút dat wie:
Us hoanne, kwikker, kreas en kwier,
Dy mocht net langer draaie;
Hy wie ferroaste troch de tiid;
Ut wie syn rom, ienkear sa swiid -
| |
| |
Hawar dan, Friezen fan ús tiid,
Wol no ris nei my harkje;
Wy sille in hoartsjen op 'e mar
Fan lâns histoarje farkje.
Earst sil in bolle sudewyn
En dan sil d' amme fan Calvyn
|
|