Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 229]
| |
As ‘learaer’ soe 'k,
As ‘harder’ woe 'k
Oer jim, myn skiepkes, weitsje.
Sa hinget jit
Myn hiele hert
Oer jimme, arbeidsljuwe.
Want o, ik wit,
Jim sill' de pit
Fan Nearlâns foltsen bliuwe.
Mar al hoe goed
En al hoe froed
As jim ek mei 'noar binne,
Joech m' ek oan jim
In kiezersstim,
Wêr soe 't dan mei ús hinne?!
Dan gyngen wy
De razernij
Fan 't oproer grif temjitte;
Tel soe ús folk
Djip yn 'e kolk
Fan 't ûnk bedobbe sitte.
Is 't net in griis?
Ik, as goe-Fries,
Fal derby fan myselme;
't Grypt my sa oan,
Ik bin bestoarn,
Ik bin alhiel bedwelme.
Godtank, 't giet oer!
Wy bliuwe oan 't roer;
Sa sil it spul net heakje,
Jim binn' de pit:
Dus, freonen, lit
Jim sûnder stymjen kreakje.
| |
[pagina 230]
| |
* * *
Yn 'e smidte smeie
't Izer yn 't fetsoen,
Wie alear jo foarlân...
‘God hie 't oars foarsjoen.’
‘Bring yn Fryslâns kriten
Sielen yn 't fetsoen,’
Rûsde 't - woe 't wat eine?...
‘God hie 't oars foarsjoen.’
't Wiene boeiems, Lútsen,
Dy't jo smeie woen'.
Woe ús folk se brûke?...
‘God hie 't oars foarsjoen.’
Kriichsark ha jy lêst smeid,
Skerp as in harpoen -
Koen' jo Heldt fermoardzje?...
‘God hie 't oars foarsjoen!’
|
|