Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende It aldershus Troch seeën skaat en lannen, Fier oan 't westerstrân, Tink ik mei sucht en triennen Oan dy, myn heitelân! It wâlet troch myn herte Mei ingle harpgerûs, Tink ik oan dy, myn Fryslân, En oan myn âldershûs. Dêr blinke glêde marren Yn 'e sinneskyn, Wêr't ranke boatsjes driuwe, Sêft dûnsjend op 'e wyn. En as de fûgels floitsje Op fean en bou en sân, Hja geie 't út fan wille Yn dy, myn heitelân. [pagina 228] [p. 228] aant. Yn 't beammeskaad beskûle, Stiet ús âlde went; In smouter plakje op ierde Ha 'k nearne, nearne kend. Dêr hat ús mem my widze Sa sillich yn 'e sûs, Dêr boarte ik oan har knibbel Yn dy, myn âldershûs. It wrede needlot twong my By myn âlden wei, En alles, wat ik leaf ha, Liet ik yn Fryslân nei. Dêr wenne alear in famke, Dat joech my herte en hân, No rêst hja op it tsjerkhôf Yn 't ynleaf heitelân. Lit my ek ienkear lizze Yn 'e Fryske grûn; Foar't my myn lân werom hat, Haw ik nin rêste fûn; 'k Wol oer de seeën strûze Troch stoarm en weachgebrûs, En stjerre yn 't âlde Fryslân, Yn 't ynleaf âldershûs. Vorige Volgende