Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Lit us no de wrald ferjitte Lit ús no de wrâld ferjitte, Mei syn bodzjen hurd en swier! Lit w' as berntsjes by 'noar sitte, Ien fan sin, sa gol en blier! Lit ús siele omhegens kliuwe, Wêr de mylde moanne skynt; Lit s' yn sulverglânzen driuwe, Oant hja rêst en frede fynt! Frede, frede mei de minsken, Frede mei ús eigen hert. Wat wy diene, wat wy winsken, 't Ljocht fan 't Goede ûntskeat ús net. Rekken wy it paad ek bjuster, Yn ús herte spriek in stim: Strieljend troch it swarte tsjuster Skynt in stjer, o sjoch nei him! [pagina 227] [p. 227] aant. Boppe wolken giet de sinne Lâns har baan fan blinkend goud, Jit, oer alle folken hinne, 't Leaflik ljocht, dat libben jout. Boppe 't ierdske bodzjen blinke Strielen fan it leafdeljocht; Wa s' yn 't lijend herte sinke, Ha hja lok en libben brocht! Golle leafde, ljocht fan d' ierde, Weitsje foar ús op ús paad; As w' yn 't tsjuster taaste en riede, Kom, ferdriuw dan 't swarte skaad. As it kwea ús wyld oangrânzet, Wurdt ús 't herte yn 't striden kâld - Leaflik ljocht, dat ivich glânzet, Brek de wolken fan 'e wrâld! Vorige Volgende