Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 226]
| |
Mei de wyn, mei de wyn, dy oer 't wetter rûst,
Ferfleach ús libbensdream;
Alle lok, alle leed is dêrhinne brûsd,
As baren fan de stream.
Mar ús ferbûn in eed fan trou
Foar ivich oan elkoar,
Yn de simmernacht by stjerreljocht,
Oan de kant fan de sulvren mar.
As oer 't grêf, oer it grêf jit in libben bloeit,
Fynst my wer op dyn paad;
Want myn hert is mei dines sa fêst fergroeid,
Hja wurde yn 'e dea net skaat.
Dan saai' wy del út heger loft,
En fine wer elkoar,
Yn de simmernacht by stjerreljocht,
Oan de kant fan de sulvren mar.
|
|