Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 225] [p. 225] aant. Roeiersliet Driuw no, myn boatsje, driuw fleurich dêrhinne, 't Wyntsje út it westen triuwt dy sêft oer 't wiet. Goudglânzen struit oer de weagen de sinne: Klear blinkt de himel en blier klinkt myn liet: Jufalderaldera, jufalderaldera, Bring no, myn boatsje, nei 't famke my ta! Sjongende fûgels yn mieden en greiden, Slomjende blommen, wêr de dau op blinkt, Brûzende weagen en waaiende reiden, Poarperen sinne, sa moai, wylst hja sinkt: Jufalderaldera, jufalderaldera, Wêr dat ik sjoch, winkt myn famke my ta. Dêr yn dat pleatske, yn 'e beammen beskûle, Dêr is it sinneljocht, dat skynt foar my; Dêr bloeit myn blom op in kersreade mûle, Dêr is myn wille en myn sin, myn Marij! Jufalderaldera, jufalderaldera, Bring no, myn boat, nei dat pleatske my ta! As yn myn libben de stoarmen faak rûze, As ek it tsjuster oer it wetter leit, As ek de weagen wyld skomje en brûze, 'k Wit fan gjin leed mei myn leaflike breid. Jufalderaldera, jufalderaldera, 'k Roei mei myn famke fol moed der op ta. Vorige Volgende