Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 224]
| |
Wy sille 't belije!
Tink derom, do moaie blom,
Tink derom!
De pinksterblommen, jong en prûs,
Meant de Meaner by de rûs;
't Blaublomke yn de wallen,
O, sjoch it dêr fallen!
't Pronkstik fan de finne,
It rôlet der hinne!
Tink derom, do moaie blom,
Tink derom!
Mei 't ripe nôt, sa fol en swier,
Meant er tûzen blomkes blier;
Wêr roazen wyld bloeie,
Rea tulpen ek gloeie,
Wêr leeljes blank steane,
Dêr sil hy se meane!
Tink derom, do moaie blom,
Tink derom!
O feinten, fammen, sûn en bliid,
Tink, de Dea hâldt ûngetiid.
Hy strûst oer de lannen,
Hy rint lâns de strannen;
Wei wurde de blommen,
Hy is op it kommen!
Tink derom, do moaie blom,
Tink derom!
De blommekroanen falle yn 't grêf,
Blêden stowe wei as tsjêf;
De blommen sill' skiede,
Mar 't sie falt yn d' ierde;
Nij libben sil roppe,
En 't sie komt wer boppe!
Tink derom, do moaie blom,
Tink derom!
|
|