Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Eala fria Fresena! Fan 'e wylde see besprongen, Tûzen kearen op 'en nij, Faak bekampe, nea betwongen, Wien' de Friezen rûn en frij; Frijdom wie de heechste wet Yn it eale Friez'ne hert; Mannen, sjong, Mannen, sjong 't elkoar dan ta: ‘Eala fria Fresena!’ Mei de gleone skerpe swurden, Focht him d' âffaar earen frij; Bliuw dan, golle rûne wurden, Spreuk fan d' âlden, bliuw ús by! Meie ek namme en taal fergean, Do, o frijdom, bliuw bestean! Klink yn 't rûn, Oan de fierste neiteam ta: ‘Eala fria Fresena!’ Vorige Volgende