Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 222]
| |
Myn boatsje, oars sa nuet en sa dimmen,
Dat kriget in merkesin.
't Begjint te swaaien, te draaien!
It is alhiel op 'e rin!
O boatsje, bliuw by dyn saken;
Kom, reitsje net mei yn 'e sûs.
Oars rekkeste grif ûnder wetter,
En moast mei in wiet seil nei hûs.
* * *
‘Nijjier!’ al wer wat ‘nijs’?
Hear 'k, Dekema, jo roppen.
Ja freon; wy gean foarút,
Us paad fiert ús nei boppen.
Jo, freon fan 't âlde, gean
Mei d' oaren súntsjes mei;
Dit leart jo d' âldjiersjûn;
Dit leart jo nijjiersdei.
Nijjier! o, dat wy dochs
Fan 't âlde 't goede hâlde;
Dat drege ynfryske sin,
Dy poësy fan 't âlde.
Dan sil yn 't nije jier
It âlde net fergean,
Mar bliuwt it grien en blier
Jit ieuwen troch bestean.
Bern fan 'e nije tiid
Bin ik; ik wol 't bekenne;
Mar 'k slach nei 't âlde jit
Sa graach myn eagen hinne.
Benammen 't Fryske folk
By âlds is my sa djoer;
Foar 't âlde frije laach
Reitsje ik sa tel yn fjoer.
| |
[pagina 223]
| |
En dêrom rin ik heech
Wêr jo ek heech mei rinne
Ald Fryslâns stoarje bliuw'
Aloan jo sin en minne.
Sa komm' j' yn 't nije jier
Al mear yn 't âlde thús,
En freonskip struie blier
Rju blommen rûn foar ús.
|
|