Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Nei 't suden! Oan myn suster by har reis nei Davos Nei 't suden, teare blom, waans bledsjes hjir ferwylje! Hjir rûst te kâld de wyn, hjir is te swier de loft, Nei heger bergen ta, dêr 't bloed mei heger noft Jin rêd troch d' ieren brûst: wat soest hjir langer dwylje? Mar nim dyn hope en moed en fêst betrouwen mei. Nei 't suden! Fleurich giest, do wolst it jerne leauwe, Dat dêr de sike blom wer 't kopke omhegens tilt, Lyk als de leelje docht, wêrop de dauwe trill't, Mocht oer har blanke holle 't ûnwaar hinne driuwe. Drink libben út de loft, en, bist yn truerichheid, Drink rêst dan út it swurk, dat op 'e bergen leit. Nei 't suden! Ek ús hert, wêryn de leafde brûzet, 't Giet mei dy, 't bliuwt by dy, it lijt en bidt foar dy, Is yn 'e bergen dêr de loft sa smout en lij, De leafde is waarmer jit, dy dy ek dêr omstrûzet, En komst yn 't noarden wer, blier as in pinksterblom, Dan fynst yn 't âlderhûs in suderloft werom. Vorige Volgende