Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 220]
| |
Dy sjongt syn simmermelodij
Yn kjeld en wintersmert.
En wêr dy sang him hearre liet,
Dêr brûze blommen op út d' ierd...
Dy fûgel, leave faam, do witst:
De leafdefûgel is 't!
As mem mei 't sêfte widzeliet
It bern song yn 'e rêst,
Dy fûgel op har skouder siet;
Dêr makke 'r him in nêst.
En stie s' oan 't siikbêd, near en bang,
Dochs klonk dy selde golle sang;
Dy fûgel, leave faam, do witst:
De leafdefûgel is 't!
Yn 't tsjuster leit ús libbenspaad:
Wy witte net de wei,
Dochs wjukkelt yn it swarte skaad,
Dy fûgel de minske nei.
En as de krêft him faak bejout,
Hy net mear op himsels betrout,
Dan sjongt er wer, o faam, do witst:
De leafdefûgel is 't!
Fynt m' ûnderweis in hoartsje rêst,
Wat is dat rêsten swiet!
Ferjit m' yn wille leed en lêst,
Dan sjongt men faak in liet.
Mar o, wat súvre himeltoan
Jout dan de moaiste wizen oan?
Dat himellûd, myn faam, do witst:
De leafdefûgel is 't!
De reis is dien, en stil it hôf,
Dêr d' earme swalker leit;
De twjirkes reauntsje yn 't jonge lôf
Fan iivge sillichheid.
Dêr komt in wiif yn rouklean oan,
Hja skriemt - mar hear dy blide toan!
| |
[pagina 221]
| |
|