Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Toast Yn Holwert wenne alear in man, Waans grutte namme jitte Bewarre bliuwt yn 't Fryske lân, Wa soe dy namme n't witte? 't Wie Bernlef, dy nêst tûzen jier Dêr jit de snaren poende, En sa'n betûften sjonger wie, Dat hy mei sangen tsjoende. It jongfolk mocht syn wûndersang Oeriib'le graach oanhearre; It fammehertsje sloech sa bang, As hy yn toanen, djip en lang, Fan leafde en trou ornearre. En wie in faam faak dwers en stiif, Dan moast de sjonger komme; Dy song har wille en nocht yn 't liif, Ut wie de pine en 't ûngeriif, It hertsje yn sêfte slomme. En moast it kriichsfolk yn 'e striid Tsjin Karels wylde ljuwe, Dan song ús maat it heechste liet, En 't klonk oer 't lân en 't rûsde oer 't wiet, ‘Frij moatt' de Friezen bliuwe!’ [pagina 218] [p. 218] In hopen hiene net sa'n nocht Oan Bernlefs dwaan en praten; It wie in man fan 't nije ljocht: Hja hiene 'm yn 'e gaten! Hy helle ek út it spylark faak Wat oars as weake rimen, It tongere dêr soms omraak, En mannich glûpske, kliemske snaak Dy rekke 'r fan oan 't swimen. De dommens siet er op 'e kop En divels koed er banne, Hy socht se, as 't moast, yn 't bedsteed op En jage se yn it sâlte sop, En rôp: ‘Smoar, swarte Hoanne!’ Dy Bernlef stoar foar tûzen jier; Men koe him net ferjitte. No sjongt in oar op 'e âlde swier In nije sang, sa rûn en wier. Wa soe syn namme n't witte? Dêr sjongt in Fries fan 't âlde laach Wer foar de Fryske fammen; Hja hearre nei syn sang sa graach, Hy set har 't hert yn flammen. En lit er oer it noarderstrân Syn frijheidssangen driuwe, Dan rûst it jitte oer 't Fryske lân: ‘Frij moatt' de Friezen bliuwe!’ Hy is in man fan 't nije ljocht: It âlde is him te tsjuster. De dommens het oan him gjin nocht, Hy het altiid nei wierheid socht En rekke 't paad net bjuster. [pagina 219] [p. 219] aant. Hjir sit de man, dy Bernlefs sang Jit neisjongt yn ús tiden; In fijân fan 'e geaste-twang, In stoere helt yn 't striden. Kom, frije Friezen, bring ris om, Lit op dy man ús drinke! De romers fol! Kom, Friezen, kom, Op Waling Dykstra's eare en rom Mar fleurich, fleurich klinke! Vorige Volgende