Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Tinzen oan it siikbed fan Joast Boonstra, doe't ik him in leppelfol wyn ynjoech. Earst lege 'r yn ienen de romers fol wyn, No jou 'k it de stumper by 't leppelfol yn. Doe - as er ek steande begûn, as er dronk, Wie 't einbeslût faak, dat er yninoar sonk, No drinkt er se lizzende; o, lit se no meitsje, Dat Joast mar wer gau op 'e fuotten mei reitsje. Vorige Volgende