Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 216]
| |
En feinten, fammen, roppe 'm nei:
‘In wals! 't is merkedei!’ -
Dy wurden bringe alle hollen oerstjoer en dat fljocht
Dan hjir en dan dêr,
Al hinne en wer;
En as in feint dan syn mûtel famke oansjocht,
Hy wit wol wat er docht: -
‘Kom, âlde! dûnsesto mei my?’
‘Dat kin wol, 'k weagje in wals mei dy!’
Dan gean dy twa nei d' oaren ta
En springe en draaie sa.
Hja hippelje no sa blij,
Sa loftich, frij,
Hja reitsje de flier net mear,
Hja stowe eltsien foarby!
Hja swaaie rûn oer de grûn, troch gjin bannen bûn;
De wangen gloeie har
En d' eagen fjurkje har,
Him brûst yn d' ieren 't bloed, as er sjocht nei har,
Dy him ek naam foar kar.
Hja dûkelje hast, sa binn' s' op gleed,
En wjukkelje oer de grûn, - ferjitte lêst en leed.
Hja tinke oan de wille, om, wêr dat hja binn',
Tegearre te wêzen, ien siele en ien sin. -
O! dûnsje, dûns dan frij!
Wês, jongfolk! wês dan blij!
En ploaitsje de blommen dy't bloeie yn it ljocht;
En dûnsje yn 'e sinne fan leafde en fan nocht!
Want jonkheidsdreamen wurde wei,
Tel as in simmerdei. -
Mar tink by alles wat jim litte en dwaan:
Oer hege bergen rint ús libbensbaan,
Oan steile djipten bloeit faak 't moaiste blomt;
Wês bliid, kras by 't simmer, want sjoch, de hjerst dy komt!
En as jim dat binne, dan frij fan 'e flier!
| |
[pagina 217]
| |
Dan laitsje, dan springe, dan sjonge fol tier!
En is hjir 't walsen dien,
Dan thús mear nocht miskien. -
Mar no! spylman, spylje flink op! hei sa sei!
't Is merke, ek yn 't hert, o, sa'n hearlike dei!
Dy't no net dûnset, dat 's wat mâls;
Foarút! - in wals! in wals!
|
|