Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De leste klokslach Ta in oantinken oan myn freon Tseard Hoekstra De lêste klokslach dreunt fan 't âlde jier; Syn neigalm galmet oer de grêven hinne. - Ek oer dyn grêf, myn freon!... De jierren rinne Foarby, foarby giet alles, leed en tier! Sjochst boppe d' Ierd in heger, ljochter sinne? Of stoar mei 't stof dyn Geast, sa goed en wier? Wa seit it?... De minske is riedling. Deadebier En widze - wa soe har begripe kinne?... Wy freegje net. De leafde is blom fan 't hert, Dy moaier bloeit, wat mear it hert moast bliede. Ald jier, sto wei! de leafde ûntnaamst ús net. Mocht ek, myn freon, dyn wêzen fan ús skiede, Wat w' yn dy leaf hân ha, dat libbet jit. Kom, sinne fan nijjier, riis op oer d' ierde! Vorige Volgende