Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende See, do wide see! See, see, do wide see, Wat leist dêr drôgjend hinne, Wa seit, wat ûnk en wee Yn dy besletten binne! Myn feint sa prûs, Hy gyng fan hûs; Hy soe syn lok wol fine. Foel 't skieden hurd, Ik hie syn wurd: Us soe de troubân bine. See, see, do stoere see, Wêr mei myn feint doch bliuwe? O, lit oan d' âlde ree Syn boat doch binnen driuwe! Mar hoe, dyn byld Wurdt swart en wyld; Do bromst fan leed en lijen. Ik fiel, ik sjoch 't, Nin wille en nocht Is mear foar my te krijen. [pagina 215] [p. 215] aant. See, see, sa wif en rou, Berchsto him yn dyn skerte, Ik hâld him, ivich trou, Besletten djip yn 't herte. Dyn weachgebrûs, Dyn stoarmgerûs Heech oer syn holle rôlet, Allyk de smert Djip út myn hert Yn wylde weagen wâlet. Vorige Volgende