Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 214] [p. 214] aant. Fiskersfamke Fiskersfamke, kom ei kom, Bring dyn boat oan lân; Kom by my, dan sitte wy Patsjend hân yn hân. Lis dyn holtsje oan myn hert, Wês net al te bang; Swalkest ommers ek op see, Iensum, dagen lang! Hark, myn hert is as de see, 't Het syn stoarm en wyn, Sikest djipper op de grûn, Fynst der pearels yn. Vorige Volgende