Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De ljurken Fier reizgje de wolken, Heech kuiert it stjerte; De ljurken dy driuwkelj' Yn goudene fierte. Dêr sjonge yn de himel Gods ingels har sang; Hja hearre dy wurden Fol godlike klang. Dan flean' hja omlegens Ut himels kontreien, En wat hja dêr seagen, Wat d' ingels har seien, Dat woll' hja fertelle Oan blommen en krûd, Oan wetter en winen Mei swietklinkend lûd. De blommen, de weachjes, It twjirke yn de twigen, Dy sizze 't wer súntsjes Oan freonen en migen. Foarby giet de minske; Hy harket - hoe swiet! - En bringt it yn wurden, It himelske liet. Vorige Volgende