Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Wolkom oan de silers-tiid As de maitiid komt, Oer de fjilden rûst, As it twjirke oer mar en puollen strûst, As yn 't wâld de geal, En yn 't fjild de ljurk Sangen stjoert nei 't hege blauwe swurk. O dan bringt sa bliid Elk syn boat yn 't wiid Wolkom, wolkom, moaie silers-tiid. Yn de simmerjûn, As de sinne sinkt, En yn 't west de loft fan poarper blinkt, As it haaiersliet Oer de fjilden giet, En de loft him spegelt yn it wiet, O dan driuwe bliid Feint en faam oer 't wiid, Wolkom, wolkom, moaie silers-tiid. Skuort by 't hjerst de stoarm Alle wâlden leech, Gean de wylde weagen bergenheech, Lit my dan yn 't boat Stride tsjin natoer, Rizend, dûkend fleane 't wetter oer. Wat in wylde striid Mei it skolprich wiid Wolkom, wolkom, moaie silers-tiid. Ja, dy silersnocht, Is ús wille en sin, [pagina 213] [p. 213] aant. Brocht ús hjoed de holle ek op 'e rin, Hjir, wêr Eeltsje song, Oer de marren stau, Bliuwe wy dy âlde dregens trou, Friezen bliuwe wy Sterk yn elke striid, Wolkom, wolkom, moaie silers-tiid. Vorige Volgende