Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De libbenspiip Alde pake sit foar 't mulhûs; 't Is in moaie simmerdei, En hy sjocht de wite wolkjes Ut syn piip swiersettich nei. Sjocht se driuwen, glânzich, krollich, Ljocht as sulver, heech en fier, En teranen yn de fjirte... Pake suchtet, bang en swier. ‘Ja’, sa seit er, ‘sa wie alles Wat ik yn myn libben seach: Wolkjes, dy't my tel ûntdreauwen, Reek, dy't ringen my ûntfleach. [pagina 211] [p. 211] Dêr 'k nei winske, dêr 'k om bodde, Dat myn sin en wille wie: Minsketrou en eare en rykdom... Reek, as 'k 't yn 'e hannen hie! As men skrept het om te krijen Wat jin wille jout en rêst, Och, dan kin 't jin neat mear helpe - 't Rint dan doch nei 't alderlêst.’ En d' âld man dy sûcht en loarket, Mar 't is mis: de piip is út. ‘Ja’, sa bromt er, ‘lûk en sûch mar! Kâld en dea - dat 's 't einbeslút. Kom, 'k moat ite, 't is tsien ûre,’ En hy plúz't de tsjettel leech, Wylst de wite jiske dwerrelt Om him hinne, wit hoe heech. Stinnend strampelt dêrop d' âlde 't Mulhûs binnen, dêr de brij Freonlik op de tafel dampet; 't Hiele húsgesin skikt by: Pake' dochter, as boerinne Kras yn 't spul, as wiif in skat, Foar har man in stipe yn alles, Foar har bern sa goed as God. Op 'e skerte sit de lytse, 't Giet der fleurich hop, hop, hop, En twa jonges lûke pake Springend yn de keamer op. En dy blide mem - syn dochter - En har tankbre man en bern, Lit de goudne simmersinne Him yn folle gloarje sjen. [pagina 212] [p. 212] aant. ‘Komm’ je, heit? - ‘Ja bern, ik sit al.’ ‘Hannen gear’, seit dan de boer: Pake glimket... mear as jiske Bleau dochs fan syn roken oer! Vorige Volgende