Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 207]
| |
Myn sânde feint dy bin ik kwyt,
Hy woe net by my bliuwe;
En nûmer acht, dy komt mar net,
No kin ik tafelwriuwe.
Wriuwe, wriuwe op it houten tafelblêd.
O, wat is 't in lijen
Om him goed te krijen,
Want dy tafel wol net glêd.
De feinten fleane as flinters om,
Men kin gjin ien hast leauwe;
Sa kin 'k, oant d' echte Joazef komt,
In oar syn tafel wriuwe.
Wriuwe, wriuwe op it houten tafelblêd.
O, wat is 't in lijen
Om him goed te krijen,
Want dy tafel wol net glêd.
•••
Sake Sturt, Sake Sturt,
Keal fan bûse, rûch fan burd;
Metten Pronk, Metten Pronk,
Altiid út en noait by honk;
Jan fan Ploech, Klaas Fertriet,
Jan te droech en Klaas te wiet,
Minne Skiep, Minne Skiep,
Falt by 't frijen yn 'e sliep;
Piter Wis, Piter Wis,
Wit net iens wat frijen is;
Jelle........
•••
Ik woe sa graach de merke ris op,
Mar dat kin no net wurde;
Want dêr allinnich om te slaan,
Dat kin ik lang net hurde.
Dan bliuw ik leaver thús;
Mar o, wat is 't in krús!
| |
[pagina 208]
| |
't Is oeral blide ljuwe,
Elk het wille by de rûs,
En ik kin sitten bliuwe,
Te stymjen yn 'e hûs.
Jelle
Jûns, as 'k yn de fearren lei,
'k Tocht om dy, myn fanke;
Moarns, by d' opkomst fan de dei,
'k Tocht om dy, myn fanke;
As 'k yn 't koekedaai omtreau,
Tocht ik altiid: wat wie 't sleau,
Dat 'k dy faam betanke.
As 'k oan 't boltsjedraaien wie,
'k Tocht oan dy, myn fanke;
As 'k foar d' ûn te blaaien stie,
'k Tocht oan dy, myn fanke;
As 'k mei Tet allinne bleau,
Tocht ik altiid: wat wie 't sleau,
Dat ik Jel betanke.
Wês dan ek wer goed op my,
Wurd dan wer myn fanke;
'k Kin 't net hurde sûnder dy,
'k Hâld fan dy, myn fanke.
Nim my yn genede oan
En ferjit it no foartoan,
Dat ik dy betanke.
Jeltsje
O, wat ha 'k wol om dy suchte,
O, wat wie 'k wol lilk op dy!
Mar om altiid lilk te bliuwen,
Dat 's in dreech stik wurk foar my.
Stie ik moandeis foar de tobbe,
Sloech ik yn it sjipsop om,
Dan tewreau ik al it linnen
Troch myn lilkens hast yn grom.
| |
[pagina 209]
| |
Krige ik boltsjes, pofkes, stuten,
Bakken, wigge, koeke of sa,
'k Tocht mar, dat is bakt troch Jelle;
En dan woe 'k der neat fan ha.
'k Tocht: him wol ik noait wer sprekke,
En gjin bakker kriget my;
Mar wat of 'k sei of tochte,
'k Hie doch sa'n ferlangst nei dy.
Dêrom, Jelle, hoe ûndogens
Ast my ek ferlitten hast,
No'st hjir ienkear wer bist, tinkt my,
Datst hjir ek mar bliuwe moast.
•••
Wy geane nei de merke ta,
Holaderi, hola!
Wat sill' wy dêr in wille ha!
Holaderi, hola!
Tegearre
Dan draaie en swaaie wy yn 't rûn,
Holaderi, ha heisasa,
Us fuotten reitsje hast nin grûn
Holaderi, haha.
Jelle
Dêr smakket ek in sûpke by,
Holaderi, hola!
Dat makket jin sa fluch en frij,
Holaderi, hola.
Tegearre
Dan draaie en swaaie, wyld yn 't rûn,
Holaderi ha heisasa;
De hiele lange blide jûn,
Holaderi haha.
| |
[pagina 210]
| |
Jeltsje
Mar einlings is dy wille dien,
Holaderi haha.
Jelle
Dan komt de pret earst, nei't ik mien,
Holaderi haha.
Tegearre
Dan giet it der noch mâl om wei,
Holaderi ha heisasa;
De stikken stowe 'r efternei,
Holaderi haha.
Jong pear, as jimme ús stik befoel,
Holaderi haha;
Dan kamen wy ek ta ús doel,
Holaderi haha.
Dan dûnsje wy mar ta beslút,
Holaderi ha heisasa,
Sa gau as 't kin de keamer út,
Holaderi haha!
|
|