Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Net ferjitte Ferjit him net, dy tiid fol leafde en wille, Fol goudne dreamen, tel ferflein; Dy blomtún, dy't jim no ferlitte sille, Dy nocht, sa goed en rein! Ferjit se net, dy stille blide jûnen, Dy't jim tegearre trochbrocht ha, Dy oeren, as jim herten elkoar fûnen, Hoe leaflik wiene hja! Ferjit se net, dy ûnferbrekbre wurden, Dy't jimme bine as wiif en man; As 't leed jim treft mei tûzen skerpe swurden, Tink oan dy wurden dan! Ferjit him net, de golle freonerige, Dy't mei jim feest fiert dizze dei; Myn bêste winsk, jim witte, ik mien 't sa tige, Nim dy yn 't libben mei! Vorige Volgende