Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 205]
| |
't Skipke mei glide,
Blier oer de libbenssee,
Mar sûnder brâning
Fynt men gjin ree.
Lit stoarmen waaie,
Stjurman is 't wol betroud:
Sûnder in bile
Spjalt men gjin hout.
't Lok moat men winne,
Winne mei swiere striid;
't Leit net te grabbel,
't Is frucht fan wurk en tiid.
Frede moat wenje
Yn jimme hûs en hert;
Mar sûnder tsieren
Krijt men dy net.
Yn dwaan en litten
Wês sa, dat elk 't mei sjen.
Dan is 't in learboek
Foar jimme bern.
Lear dy mei dieden,
Net mei in preek;
Lit dat mar oer oan
Lju mei in steek.
Bliuw sûn en feardich
Fan liif en lea,
Mar wês doch altyd
Klear foar de dea.
Dat binn' myn wurden;
Koart, mar hja sitte fêst,
En, men seit wol ris,
Dy slute bêst.
| |
[pagina 206]
| |
Tink oer dy wurden nei,
Triuw se by 't baitsje yn;
Jit, lyk as ik no doch,
Jit s' oer mei wyn.
|
|