Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Oan de breid 't Foarjier is komd, en de leaflike sinne Kringt yn 'e wenten en struit dêr syn ljocht, Jout wer oan d' ierde syn freonlikste glimkes, Jout wer oan 't herte syn waarmte en syn nocht. No sjonge fûgels har fleurichste sankjes, Tripkje oer it fjild, fine nearne nin rêst, Siikje de tûkjes en bringe se hastich Under in dakpanne yn 't smûksmoute nêst. Libben en leafde is rûnom! Yn it boskje Sjonge de fûgels fan 't lok fan de min, Hope bringt ljocht yn it tsjusterste herte, Hope bringt fleur yn 't swiersettichste sin. Sa is it foarjier, de moarn fan it libben, As in jongfaam, dy mei eagen fol ljocht, 't Herte fol fleur en in mûlke fol minswiet, Glimkes tefoartsjoent by elts dy't har sjocht. Nommele faam! Sa blinkt ek yn jo wêzen D' ûnskuld en deugd fan it suverste hert; Lokkich is hy, dy jo eagen beskine, Dy, wêr't er giet, oan syn side jo het. 'k Wol jo net priizgje mei klinkende wurden, Bombast is 't wurk fan nin eabele Fries; Mar ik neam sillich dy hearsk't yn jo herte, Want yn jo herte dêr is 't Paradiis. 't Foarjier is fleurich, de sinne is sa helder, Skynt yn de herten, jout libben en tier; Liket jo 't libben gjin ivige maaie? Liket jo d' ierde gjin blomtún sa wier? Tinke jy net, dat de knopkes en gerskes, [pagina 204] [p. 204] Dy jy dêr sjogge sa tierich yn 't rûn, Bloeiend as blommen, en ripend ta fruchten, Ienkear har sie struie en dije yn 'e grûn?.. 't Foarjier hâldt op, en de simmer sil komme, Dagen fan droechte dy brekke dan oan; Blommen sill' falle, fertrape yn 'e modder, Unkrûd en túch sille dije ûnder 't koarn. Dan wurdt ûnsjoch, wat no moai is en hearlik; Ald wurdt it wêzen en kâld wurdt it hert; Mar, wat tiids kloer jo bedjert of ûntrôvet, Leafde bliuwt libjen, dy nimt er jo net. Ringen komt de oere, dan gean' jy dêr hinne, Wêr hy it nêst foar jo reemakke het; 't Aldersnêst lit fan syn jongen ien fleane, Leech wurdt ien plakje, sa lang oars beset. Heit en mem kypje, mei triennen yn d' eagen, 't Bern, dat dêr fuortgiet, sa lang as 't kin, nei; Roppe har 't lêste farwol ta... en kypje... 't Is om 'e nocht, want har bern is fier wei. Faam, no jy geane wêr 't lok is te finen, Winskje 'k jo 'n libben, sa bêst as 't mar kin; 't Fleurige foarjier sil gau fan ús skiede; 't Bloeie jit nei yn jo jong fleurich sin! Dan sjen jo âlden, mei 'n laits om 'e mûle, 't Lok fan har bern, en it hert wurdt har rom; Want yn 'e jonkheid en 't lok fan jim beiden, Fine hja mûlk jit har eigen werom. Vorige Volgende