Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De lokkige man Foar jierren kaam 'k ris by fersin By Bet, de dochter fan Jan Stin. En 'k ha my, fan in oere of acht, By har ferfeeld, de hiele nacht. Mar doe't ik letter ris fernaam Hoefolle as dêr wol te erven kaam, Ha 'k gau myn sin nei leafde set; Mar oars - ferleafd, dat wie ik net. Wy binne yn deugd en eare troud. No ha 'k in wiif, sa droech as hout; Har noas dêr sitte pûsten op, Har wangen binne giel en slop. Har rêch is krûm, har fel is toar, De bern geane op de rin foar har. Sjedêr, 't is wol gjin moai portret; Mar oars - ûnsjoch, dat is se net. As 'k alles dwaan wol wat hja seit, Dan ha 'k in hûs fol sillichheid, [pagina 202] [p. 202] Mar haw ik soms in hurde kop, O, wat mâl guod jout hja dan op! Hja 's aanstûns mei de neilen klear, En klauwe! man, wat docht dat sear! En skerpe tosken dat hja het....! Mar oars - in tange, dat is 't net. Ik wurd wat skraal, sei lêst ús Jan. No, dat is ek gjin niget, man! 'k Moat moarns yn 't nochtren 't fjild yn gean, 'k Yt middeis moal, yn wetter sean. Jûns yt ik 't liif mar fol oan brij, Mar 't helpt my neat, wat as 'k ek krij. Dat komt, ik krij fan 't wiif gjin fet; Mar oars - in nepert is se net! Doe 'k lêsten thúskaam op in jûn Ha 'k dêr in frjemd spektakel fûn. Myn wiif lei laitsjend oer de flier, En hie, sa 't like, in bult plezier. Fan drank en sa ha 'k gjin ferstân, Mar Jan sei, hja hie brân'wyn hân. No, 't kaam wol net fan 't wetterfet, Mar oars - in sûplap is se net. Wy libje fredich mei elkoar; Hja set my soms ris bûtendoar, Mar ha 'k wat wachte yn rein en wyn, Dan lit se my der ek wer yn. Ik bin in koalle, seit ús Jan, Mar leau dêr doch nin grevel fan; Sa'n húspleach as dy smoarge Bet...! Mar nee - in húspleach is se net. Sa kom ik fleurich troch de tiid. Ik bin tefreden, sûn en bliid. 'k Ha noait gjin lêst, of pine yn 't liif. Myn ienichst ûnk dat is myn wiif. [pagina 203] [p. 203] aant. Mar, raast en skreaut dy moard en brân, Dan gean ik by de kij yn 't lân. Ik bin in okse, seit ús Jan, Mar oars - bin ik gjin lokkich man? Vorige Volgende