Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 201] [p. 201] aant. Wy wiene tegearre Wy wiene tegearre sa fleurich en blij En wisten gjin rie fan 'e wille; Gol skynde de leafde oer dy en oer my, Har sinneljocht glinstere en trille. Mar dêr kaam de Earnst yn syn donkere klean En wiisde yn 'e skymrige fierte... Do waardste sa kjel; ek myn mûle bleau stean; Wy koenen it suchtsjen net litte. Doe krûpten w' elkoarren sa nei oan it hert En koene gjin wurden mear fine; Mar 't rûsde om my hinne: ‘Hâld op, 't is te let; Ek dit wurdt in dream fan 't ferline’. Vorige Volgende