Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Ik jou de wyn myn suchten mei Ik jou de wyn myn suchten mei, Myn klachten en myn sangen; Hy strûst sa rimpen oer de wei En rûst dy om 'e wangen. Hy tysket yn dyn hierren om En lústert dy yn d' earen: ‘Hy skriemt om dy, syn libbensblom, Syn langstme en syn begearen. Syn holle yn 't tinken is fertiisd En dreamrich stean syn eagen, Wylst yn syn siele 't leed opbrûst Yn grutte, wylde weagen. O fammeherte, roazeknop, Gean op foar dyn beminde, En weits him mei dyn swietrook op Ut djipten fan ellinde!’ Dat lústert dy de wiffe wyn En giet dy dan út d' eagen; Hy sil de hege himel yn, Mar brekt, ferstruid yn fleagen. Vorige Volgende