Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 200]
| |
Yn it rûzige libben, by haat en by niid,
Dêr fine twa herten elkoar;
Hja rane tegear en ferjitte alle striid,
Wylst de striid dochs sa hurd is foar har.
Yn 'e brâning fan 't libben dêr giet it sa rou,
Stoere weagen dy stowe elkoar nei;
Mar dy herten omklammerje elkoarren sa trou,
Al wurd' s' yn 'e brâning ek wei.
|
|