Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 199]
| |
Dêr leit, yn 't deadske beamt beskûle,
Jim pleats, 't is tsjuster swart yn 't rûn;
Op 't ûleboerd gûlt skril in ûle,
En yn 'e fierte balt in hûn.
De keale beammen kreakje en stinne,
As rou de wyn har tûken slacht.
Hy stoarmet om 'e skuorre hinne,
Allyk in gonger yn 'e nacht.
‘Gean, gean hjir wei!’ sa wol er roppe,
‘Hjir is dyn ûnk, hjir barnt dyn hel!’
De bleke moanne sjocht fan boppe
Falsk en kâldgnyskjend op my del.
En wylder waait it om my hinne,
En 't wrede needwaar boaz't al oan;
Mar soe ik dy ferlitte kinne,
Myn sin, myn nocht, myn libbenskroan?
Myn leafde en hope en myn gelove,
Myn heechste sillichheid bisto,
Dy sil my d' ierde net ûntrove;
Yn stoarm en needwaar, 'k bliuw dy trou.
....................................
It skynsel wykt, de stoarmen lizze
Har del; mar 't rûst jit yn myn hert:
Wat ek de minsken fan dy sizze,
Ik leau oan dy; 'k ferlit dy net!
|
|