Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Hoe lokkich! Stieste mei dyn bliere troanje Foar de spegel, mûtel bern, O, dan kinst it moaiste pronkbyld Fan de hiele skepping sjen! Yn de spegel fan it herte, Och, dêr sjochste neat, moai bern; Is 't net wier it is dyn wurk net, Om sa freeslik djip te sjen. Wat is 't lokkich, datst te blyn bist Om dyn eigen hert te sjen! No kinst jitte foar de spegel Laitsje tsjin dysels, moai bern. Vorige Volgende