Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 198] [p. 198] aant. Werom?... Wêrom hest fan dy donkerblauwe eagen, Dêr ik ljochtende stjerren yn seach? Wêrom heste sa'n blierlaitsjend mûlke, Dat my 't hert nei de lippen ta teach? Wêrom heste sa'n heldere stimme, Dy my taklonk as himelmuzyk? Wêrom is hy, dy leit yn dyn earmen, Yn syn wille de kening te ryk? Wêrom is foar dyn holle Gods namme Mei de hearlikste skriuwtekens set? Wêrom biste sa moai doch, leaf famke, En wêrom - wêrom heste gjin hert?... Vorige Volgende