Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Peaske As immen stoar, om wa dyn triennen bliede, Gean mei dyn leed nei bûten, lykme allinne; Tsjoch earnstich stil troch griene wâlden hinne, Of sjoch de himel oan yn greide en miede. Dan fielste ringen: mocht er fan dy skiede, Hy is dy nei, do kinst him net ûntrinne; Do sjochst him yn 'e blommen, yn 'e sinne, Do sjochst him libben njonken dy op ierde. Ja, tsjepper as de libb'ne sjochst him jitte, No 't leed him klaaide yn 't ljocht der poëzij, En trouwer, want hy sil dy nea ferlitte. Sa fiert ek 't hert syn peaske: deaden dy Har grêfstien brekke, komme ús wer temjitte; Wat w' ivich leaf ha, bliuwt ús ivich by! Vorige Volgende