Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [De weagen rôlje al oan en ou] De weagen rôlje al oan en ou, Jier yn, jier út allyk; No troch in grien en blier lânsdou, Dan wer troch sodzich slyk. Is soms myn wetter stil en klear, Dan berg't it himels byld; Mar neat fan alles sjocht men mear, Binn' de weagen heech en wyld. Sa, minske, is 't ek mei 't minskehert: As dêr de weagen gean, Dan sjocht men op syn boaiem net It byld der wierheid stean. By wylde, hjitte tûzelsin Gean deugd en wierheid wei; Mar fêste, trouwe, drege min, Jout 't hert in iivge dei. Dy hjitte tûzelsin, dy driuwt De feint it libben yn; Soms is it hunich, wat er priuwt, Mar faak ek swiet fenyn. Lok, as de bân besletten is, Dy man oan wiif ferbynt, Dan sjocht men, wat of duorjend is, En wat as tsjêf ferdwynt. Dyn lipkes, faam, sa roazich glêd, Ferlieze al har swiet; Dyn krêft, o feint, fergiet sa rêd, As 't blomt fan d' ierde giet. Mar wat it hert foar skatten het, Dat kin net mear fergean; [pagina 197] [p. 197] aant. Tiids kloer ferjit de bloeisels net, Mar de fruchten lit er stean. Driuw, skippers fan it houliksskip, Op stille wetters net; Wurd soms troch 't ûnwaar op in klip Of yn 'e brâning set; Noed jout jin krêft en fitert oan, Mar 't lok jout sin oan rêst; Dy 't krigel draacht, smeit him in kroan Fan libbens leed en lêst. Jim bynt in bân, dy net ferslyt As 't hert it hert ferstiet; Men rekket jonkheid, moaiens kwyt, Mar leafde nea fergiet. Leafde is de sinne fan 'e dei, De moanne fan 'e nacht; Hja hâldt op jimme libbenswei As Ingel Gods de wacht. Vorige Volgende