Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De sang Frij út it herte Wâlet de sang: Dêr is er opkomd Troch sjongers-drang. Brûzend en rûzend Is er ûntstien; Berch-hege weagen Binne der gien. No leit de keunstner Mei kras ferstân Yn rym en mjitte 't Fers oan 'e bân. Dat, út de stoffe, Dy 't hert him jout, Hy ús in bliuwend Dicht-byldwurk bout. Syn hert sij 'n djippe Brûzende see, Fol ta de boaiem Fan wille en wee. Klear wês syn holle, Tûk syn ferstân, Fieling foar mjitte 't Ark yn syn hân; [pagina 196] [p. 196] aant. Dan bliuwt de sjongers Namme bestean, Dan sil syn keunstwurk Nea net fergean! Vorige Volgende