| |
De heltne faam
Eva de mem, Helena de dochter
In bulte wille het wol 't wiif fan him,
Dy rêstich yn it hûs, dat hy him boud het,
Arbeidet oan it keatting fan syn dagen;
As skuorre en kammenet al folder wurde,
As syn bedriuw it swiere deiwurk leannet,
En, mei it folle skip hjir hinne brocht,
It lok op bûnt beblomme wegen trapet.
Dan is hja bliid om 't ryk beleanne wurk,
En yn de nochlike eagen fan har man,
En op de bliere troanjes fan har bern,
Dy niget habbe oan al dy bûnte jeften,
Dêr bloeit, yn stille fleur, har libbensblom:
't Geniet yn rêst jout frede jin mei 't lot. -
Mar oars is 't mei it wiif, dat om de stamme
| |
| |
Fan 'n stoere heltne iik de teare ranken,
Har leafdes klimmerbeam, sêft hinne wynt.
Hja moat eltse amerij te gripen witte;
Hja moat him hâlde as har lêste goed.
Har libben driuwt betusken lok en lijen
En helle-pine en himel-sillichheid,
As hy, de helt, him foar syn heit'lâns frijdom
Foars út de leafde-earmen losskuort, om
Syn boarst mar dryst oan 't moardstiel bleat te jaan.
Dan moat s' op God en op syn krêft betrouwe,
En oan syn eare hingje as oan har libben.
Want lyk as d' oare slaven der natoer
De siken nedich binne foar har libben,
Sa kin nin man bestean, bern, sûnder d' eare;
En ast dyn feint, dy stoere helt, no leaf hest
As heltne faam, wat past foar Zriny's dochter,
Dan is it net syn moai reafallich antlit,
En net dat flaairige yn syn krêftich lûd,
Dat dy yn leafdes fûken fongen het; -
Syn sterkens, syn rjochtutens en syn rom
En d' eare fan syn blanke namme leavest!
Och, nim it net sa nau mei 't earme fanke,
Dat jit net leard het, al 't ferlangjend tinken
Fan 't hert yn oare foarmen wer te jaan;
Dat wol jo memme-rie begripe kin,
En 't doch net oandoar, om har wiffe tinzen
Oan jowes ta omhegens gean te litten.
Ferjou my, mem, as ik it jo beken:
Jamk drôge ik sa, 't soe doch sa nochlik wêze,
Koe 'k yn it stille fjild, yn rêst en frede,
Dy jimmeroan allike keattingdûns
Fan d' oeren oan syn boarst foarbygean sjen.
Moat ik allinne yn him de sterkens leaf ha,
De moed, dy dryst him sels wijt yn 't ferdjer?
Nee, mem, ik leavje allinnich mar de leafde,
Dy't út it sunich sjongen fan syn lippen,
Dy't út de triennen fan syn eagen sprekt;
Him yn de leafde, en yn him de leafde!
| |
| |
Dat wjukkelt hinne en wer allyk de wyn;
Dat hâldt in iivge wiksling yn myn siele.
Sa 's 't my ek gien. De leafdes earste rop,
Dy grypt de faam op famme-wize yn 't hert,
Allyk er 't feinte-hert yn lôge set,
Dat hy, as feint, nei striid en noed ferlanget.
Mar as it stille wurkjen fan de leafde
De geasten, dy, elk yn in oare wrâld,
Elk nei syn eigen doelwyt hinne fleagen,
Ta 'n smûk petear, sa waarm en ynlik, wend het,
Dat d' iene siele d' oare allinken kiest,
En s' alles, wat hja tocht en field ha, ruilje:
Dan komt de leafde wûndre hearlik op,
En fiert twa nije minsken 't libben yn.
De feint, dy fan syn famke syd'ne lippen
In golle, bliere hertefrede dronk,
Sjocht no de wylde weagen fan syn moed
Delbêde, 't doalhôf fan syn langstme ûntsletten,
En, wat him ienkear 't spoar sa bjuster makke,
De krêft dy't him yn 't libben treau, dy widzet,
Oerwûn, syn blier bestean op makke weagen,
En bliest him no in wisse haven yn.
De faam lykwol fielt no dat teare sieltsje
Frjemd, nochlik oandien fan de leafde-tút.
In kleare moed, in fêst en blier betrouwen,
De grutte dreamen fan har dryste hope,
Dy tsjen no fleurich yn har herte binnen,
En frisselje om har holle in strielekrâns,
En glânzgje op 't antlit fan de bliere breid.
Watsto no fielst, hab ik ek ûnderfûn.
Mar ringen riist dy oare mylde sinne;
De damp lûkt op; dan sprút de wiere minne,
Dan het dyn hert syn heechste wille fûn.
Helena (falt har yn de earmen)
| |
| |
Myn goed, myn ynleaf fanke! -
Neat is sa moai, sa leaflik op de wrâld,
As dat in mem har bern, waam d' eagen gloeie,
Fan heger fjoer de wangen moaier bloeie,
Fol swiden sielsnocht yn de earmen hâldt!
|
|