Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 192]
| |
Dat 's jimmer oan 't húnjen,
Oan 't kleien en stúnjen;
Dat hoastet en spijt, men wurdt mislik der fan;
Ferskronfle is syn wêzen,
Syn bloed is beferzen;
O, freeslik de nacht mei sa'n lêstich âld man!
Dat kibbet en goarret,
Dat tsjuntert en gnoarret,
Wat as ik ek dwaan mei, 't is nea him nei 't sin.
Hy wol op 'e strjitte
M' allinnich net litte,
En is op 'e feinten jaloersk as in spin.
Us muoike joech lêsten
M' in rie, dat 's in bêsten.
My tinkt, fierste lang ha 'k myn pakje al tild.
'k Sil narje 'm en stekke;
It hert sil 'k him brekke;
Dan krij 'k in jong man noch wol foar syn âld jild.
|
|