Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Anacreon op him sels De froulju sizze tsjin my: ‘Anacreon, wurdst âld, man! Ast yn de spegel sjochste, Dan silst gjin hier bekenne, Sa keal is dy de plasse!’ No, wat myn hierren oangiet, As 'k dy jit haw of net haw, Dat wyt ik net. Dit wyt ik: It past oan alle ljuwe, Sa folste mear te gobjen, Wat neier as de Dea komt. Vorige Volgende